Omrop Fryslân HD en Klipkar TV

Geplaatst op 12 september 2016

Fan hjoed ôf is Omrop Fryslân Telefyzje foar alle klanten fan Kabelnoord te sjen yn HD-kwaliteit. De provider is dêrmei de earste dy’t Omrop Fryslân Telefyzje yn
HD-kwaliteit útstjoerd. Dêrneist is Klipkar TV taheakke oan it Kabelnoordpakket ‘Familie’, hokker de hiele moanne oktober fergees te besjen is foar alle digitale telefyzje abonnees. Jelle B trapet de lansering op sneon 1 oktober feestlik ôf wilens ‘Foarút mei de handel’ op de Sintrale As.

Klanten fan Kabelnoord hoegge neat te dwaan om Omrop Fryslân yn HD-kwaliteit besjen te kinnen. Wannear de apparatuur HD-geskikt is wurdt Omrop Fryslân sûnder help yn HD toant. Is de apparatuur net HD-geskikt dan kriget de klant de SD-fariant fan de stjoerder.

Klipkar TV
Fryslân stiet stiif fan de bandsjes en muzikanten. Om dêr alles fan sjen te litten hat Omrop Fryslân Klipkar TV. De bêste pop út eigen provinsje! Klipkar TV is fan 1 oktober ôf by Kabelnoord te krijen yn it pluspakket ‘Familie’. Dit ekstra pakket is te krijen mei in digitale ûntfanger en smartcard. Op sneon 1 oktober jout sjonger Jelle B it startskot troch op in grutte reade knop te drukken by ‘Foarút mei de handel’ op de Sintrale As. Dêrmei is Klipkar TV beskikber foar de klanten fan Kabelnoord. Nei de lansering giet Jelle B op ‘en paad en jout hy húskeamerkonserten by klanten fan Kabelnoord. Klanten dy’t yn oanmerking komme wolle foar in konsert kinne dat trochjaan fia de webside fan Kabelnoord.

Jelle B by dy thús? Jou dy op!
Wolsto kâns meitsje op in húskeamerkonsert fan Jelle B op sneon 1 oktober? Stjoer dan in e-mail nei prijsvraag@kabelnoord.nl. Lit witte wêrom as Jelle by dy delkomme moat en wêrsto wennest. Allinnich klanten fan Kabelnoord meitsje kâns op in konsert by harren thús. Ynstjoere kin oant tongersdei 22 septimber.

Omrop Fryslân HD en Klipkar TV bij Kabelnoord

---

Vanaf vandaag is Omrop Fryslân Televisie voor alle klanten van Kabelnoord te zien in HD-kwaliteit. De provider is daarmee de eerste die Omrop Fryslân Televisie in HD-kwaliteit uitzend. Daarnaast is Klipkar TV toegevoegd aan het Kabelnoordpakket ‘Familie’, welke de gehele maand oktober gratis is te bekijken voor alle digitale televisie abonnees. Jelle B trapt de lancering op zaterdag 1 oktober feestelijk af tijdens Foarút mei de handel op de Centrale As.

Klanten van Kabelnoord hoeven niets te doen om Omrop Fryslân in HD-kwaliteit te kunnen bekijken. Wanneer de apparatuur HD-geschikt is wordt Omrop Fryslân vanzelf in HD getoond. Is de apparatuur niet HD- geschikt dan krijgt de klant de SD-variant van de zender.

Klipkar TV
Fryslân staat stijf van de bandjes en muzikanten. Om daar alles van te laten zien heeft Omrop Fryslân Klipkar TV. De beste pop uit eigen provincie! Klipkar TV is vanaf 1 oktober bij Kabelnoord te krijgen in het pluspakket ‘Familie’. Dit extra pakket is te krijgen met een digitale ontvanger en smartcard. Op zaterdag 1 oktober geeft zanger Jelle B het startschot door op een grote rode knop te drukken bij ‘Foarút mei de handel’ op de Centrale As. Daarmee is Klipkar TV beschikbaar voor de klanten van Kabelnoord. Na de lancering gaat Jelle B op pad en geeft hij huiskamerconcerten bij klanten van Kabelnoord. Klanten die in aanmerking willen komen voor een concert kunnen dat doorgeven via de website van Kabelnoord.

Jelle B bij jou thuis? Geef je op!
Wil jij kansmaken op een huiskamerconcert van Jelle B op zaterdag 1 oktober a.s. ? Stuur dan een e-mail naar prijsvraag@kabelnoord.nl. Laat ons weten waarom Jelle B bij jou langs moet komen en waar je woont. Alleen klanten van Kabelnoord maken kans op een concert bij hun thuis. Opgeven kan tot donderdag 22 september.